Fit Mei Femke

Yntroduksje

Informações:

Sinopsis

It gemak wêrmei hurdrinne beoefene wurde kin, makket de sport ekstra oantreklik. Rinskuon oan en hup, fuort bist. Ik moat earlik wêze; der komt mear by sjen foar datst dyn earste 5 km rinst. En ik bin der wis fan dat foar of by de earste meters der hiel wat fragen by dy opkomme. Moat ik begjinne mei kuierjen of fuort hurdrinne en hoelang? Moat ik tuskentroch ek kuierje. En as ik it hurdrinnen wer oppakke wol, moat ik dan ek wer by nul begjinne? Ik sil probearje om yn dizze 13 wiken op safolle mooglik fragen antwurden te jaan. Kin elkenien hurdrinne? Yn prinsipe wol, mar bist net wis fan dyn sûnens dan is it ferstannich om efkes mei dyn húsdokter te oerlizzen. Ek binne der tal fan plakken yn Fryslân dêr’st in sporttest dwaan kinst. Stel dysels in doel. Dat wurket. En dat doel is der; 5 km op de 'Simmer yn Fryslân-loop' op 13 septimber. Wês dy der wol bewust fan, dat dit hiel rêstich opboud wurde moat. Begjinnende hurdrinners kinst sjen as kij dy’t nei de winter foar it earst wer de greide yn meie. Se wolle