Fit Mei Femke

Wike 5 - Training 3

Informações:

Sinopsis

Training 1 2 x 6 minuten en 1 x 5 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Hurdrincoach Jaring de Groot jout advys oer rinne yn de sinne It waar is nei alle gedachten it ûnderwerp dêr't minsken it meast oer prate. Wat is no it bêste waar om yn te hurdrinnen? We sitte yn de simmer en de kâns op waarm waar by in training is best grut. Wat dochst no by waarm waar? • Rin moarns of jûns, mar net oerdei en wis net om it waarmste punt fan tolve oere hinne. • Soargje by waarm waar datst goed drinkst yn it foar. Nim ek in bidon of in spesjale hurdrindrinkflesse mei foar ûnderweis. En tink der foaral om om nei ôfrin genôch te drinken. • Rin net boppe de 25 graden en doch it by waarm waar wat stadiger oan. Besykje ek in wat boskrike omjouwing te sykjen mei wat skaad ynstee fan it iepen fjild dêr't de sinne folop skynt. • Soargje datst dy goed ynsmarst mei sinnebrânoalje en draach as it kin in hurdrinpet en in sinnebril. • Draach by it waarme waar klean dy't goed ademje kinne, sadatst dyn waarmte goed kwy